Subscribe to this blog's feed
My Photo

web-log.nl, powered by TypePad

03/14/2010

Hanami (kjerseblossem)

MYn TTDT-list wie wat lang hjoed. Te lang foar in frije snein, mar faaks hat men dat. Myn leave is efkes op in hurdfertsjinne weekend-break nei Stockholm en omkriten (mar al wer ûnderweis nei my hear), myn dochter wie nei de film en soanleaf is gjin droktemakker. Mei al dy rêst dus koe ik ekstra 'ongegeneerd' lang mei de kop boppe de boeken en dat op it plak fan myn 1e foarkar: de bank. Ik moast wer gear oer Herr Jakobson, mar nuver genôch foelen myn eagen ticht by alle nijsgjirrigge ekwivalinsjes. Ik brocht efkes in persoanlike deviaasje yn, sikmarsizze. Doe 't ik wekker waard, lei it boek ûnder de bank en wie 'k fergetten wat ik oan it dwaan wie. Myn rêch makke beswier doe't ik oerein komme soe, dat earst draaide ik my mar ris heal. Ploep, skeat de tillevizje oan. O... ik lei dus op de ôfstânsbetsjinning. Hy stie op it filmkanaal, mei de reade knop en ik frege op 'e gok in film oan. Wat foarby kaam wie in prachtige trime fan ekwivalinsjes en deviaasjes. Byldrym, sis mar.

03/02/2010

Slieplûden

No ja sis, ha'k ynienen in oar design... Wist ik neat fan, dat wol sizze, ik hie snein wol wat sitten te pielen mar dat dochs mar net opslein. Miende ik. 't Sil myn sliepgebrek wêze. No ja, efkes gjin tiid om dit te ferhelpen. Letter mar wer ris oare kleurkes. Earst fierder mei myn grauwelich lange list fan lêsplichten... Ik woe oars wol dat myn blauwe bolle digiboekferkeaper die wat er my juster online ûnthjitten hat, blinderhale! Of sit ús âlde buorfrou no mei reade earkes yn Tristram Shandy om te lêzen?
Oer earkes praat... Ik tink der oer om op harkboeken oer te stappen. Op myn ikke-podsje sette en dan nachts sliepend en harkjend 'lêze',  soe dat goed gean? Soe my wol tiid besparje kinne. Oeps! Ik hie sêfte spûnseftige eardopkedinkjes op 'e jierdei freegje moatten, want dy wite kringen dogge my altiten sear as ik mei sliepmuzyk op ien ear lis.  Of bestiet soks noch net? Soe Trinus ek te krijen op harkboek? Alhoewol, aanst dream ik noch fan rotten ûnder 'e tekkens... Hmm, sliepfilmke dan mar. Mei sokke drumstokken yn 'e hân kin ik dy rotten wol oan! Ik gean koesen!

02/27/2010

By de Saga fan Egil, soan fan Skalla Grimm

Jawis, ik kom hjir te min. Ik sil my mar wer ris betterje, mei in (muzyk)stikje. Aldergelokst is de reden foar myn ôfwêzigens no minder dreech as in moanne lyn. Alhoewol... al myn efterstallige studearwurk ynhelje is ek wol dreech. Op in oare manier. Ik bin deryn wol tige braaf fyn ik sels, doch hast alles wat ik dwaan moat en dan ek noch hast op 'e tiid. Ek de soere appels nim ik mei, al krij 'k de pest wolris yn, by it oerskriuwe moatten fan âld nijs. Mar hawar, der sit foar my no ek prachtich moai nij âlds tusken en nei dat boek sil ik no gau werom.
In stikje muzyk foar jimme en as ik it boek moarn út krij, dan kin ik jim faaks eksakt fertelle wat se sjonge. Dit wit ik al: It giet oer Helga en dat famke is slim siik. Dichter Egil kin har genêze omdat hy wit hoe 't it krekt sit mei de krêften fan runetekens.

02/06/2010

Oan bannen, sûnder stim

Hjoed is it in moanne lyn dat se it sikehûs yngie, foar in swiere operaasje dy't wol ien hiele wurkdei lang duorre. Dy't har op trije plakken (f)ynfike en har hiele fysiology nei de ratsmodee holp. Om better fan te wurden. It moast fier weikomme, mar no liket it der dochs op dat dit ek slagje sil. Se is der noch en se is dêr noch, mar aldergelokst liket no de dei fan wer thúskommen tichteby.

De IC dat wie -nettsjinsteande alle herhellingen fan ER en Grey's Anatomy- in my folslein frjemde wrâld, sa ha 'k njonkelytsen wol byleard yn myn rom 30 besite-healoerkes dêre. Ik makke in wûnder mei oan har bêd en belibbe mear as ien kear hoe't it útbleau by in bêd njonken har.

Ik fielde mei har wat taal útmakket yn de kommunikaasje, as jo siik, bang of fertrietlik binne. As jo neat weromsizze kinne, oan bannen yn in bêd lizze en de frjemde medysk-technyske wrâld om jo hinne hielendal net fertrouwe, dan makket it ferskil dat in wite jas yn de memmetaal werompraat. Ek al behearskje jo sels it Nederlânsk folslein, giet it om in fraksje. Wy ha dêr field hoe't lytse ferskillen dy't net te mjitten binne der oesa ta dogge.

Se foarseinen dat se faaks nea wer prate soe, woene my amper leauwe doe't ik sei dat ik har stimklank al in bytsje heard hie. Se leinen it my nochris út en ik leauwde op 't lêst dochs wat der sein waard, dat in spraakklep op it asembuiske foar har gjin fertuten dwaan soe. Ik wie der by doe 't se it ûngelyk fan de dokter demonstrearre. "No kin ik jimme einliks fertelle wat ik fan jim' fyn" wiene har earste wurden. Dokter kaam sizzen dat se in bysûnder gefal wie.

Nei hast trije wike IC kaam se op in gewoane seal, noflik allinne. Dat jout my romte om nei it wurk, as de besite-oeren eins al dien binne, efkes del te strûzen. Want pas as wy tegearre binne, komt de romte foar de triennen. Dy fan har en dy fan my. Bygelyks as ik har sjen lit wat it earste briefke wie dat se mei grutte wolskrêft in protte kriich foar my skreau doe 't se bykommen wie: 'Ik heb de kracht van een kip'. -Wat fielt it dan frjemd dat har generaasje gjin Frysk skriuwen leard hat.

Justermoarn belle se my op it wurk. Har mobyltsje hie kueren en dêrom hie se efkes in gewoan tillefoannûmer regele. "Ik tocht ik sil dat fuortendaliks regelje." Ik lake, se klonk wer hielendal as harsels. Kordaat en ûndernimmend, krekt as foardat de sjirurch tapakte. "Hearst it wol? Se ha myn klepke krekt ôfdoppe, om te sjen oft it sykheljen hast sûnder buiske kin. Ik praat no mei myn eigen stim."

Blik20betterskipAs wy tegearre prate, dan ha wy it oer it geheugengat fan de earste seis dagen dy't se kwyt is, (aldergelokst!). En oer har fernuvering. Dat de susters allegear tsjin har sizze, dat se sa flink is en oesa modern achter har laptop mei de online-krante, gamend as lêzend yn de eamels dy't se krijt fan famylje oeral wei  "Se skriuwe sels út Kanada wei dat se my sa sterk fine, mar dat fiel ik my hielendal net. Ik kin ommers noch hast neat."

Dan sis ik op 'e nij wat wy allegear fine: Dat sy ta de rige fan allersterkste froulju fan dizze wrâld heart en dat wy (de bern, beppesizzers, famylje, freonen, freondinnen én de wytjassen) it witte kinne, want wy ha sjoen en oan elkoar trochjûn wat sy trochstean moast en wer te boppen komt.

En omdat ús mem sa'n geweldich wrâldfrommes is, stiet dit no ek 
-yn memmetaal- op it ynternet!
                                                                                                               

01/24/2010

Wintermantel

Ik wit noch net wannear't ik hjir wer kom. Faaks duorret it noch in setsje ear'dat iiskristallen út Glückstadt yn 'e Noardsee útkomme en as sâlte inket om myn teannen oanspiele by Swarte Haan. Soarch giet noch foar op it skriuwen, it echte libben op it digitale.