Subscribe to this blog's feed
My Photo

web-log.nl, powered by TypePad

07/27/2007

Heech wetter nivo

lês de tekens (oan 'e loft)

dei fan   dweil
puntsje puntsje dweil

hokker lid- tusken wurden te slaan
beskaat as ûnbeskaat

de as it as in

lit it mar ûnwis
gjin lidwurd is faaks better
kinst fan alles wol in punt meitsje
of gewoan weilitte
net te persoanlike wurden

oeral reint it ommers amersfol

dei fan dweil
alwer
ja

---sjansjemint---

- doarst in oar wurdlûd oan
kronkeltsje puntsje
dan bist gjin lidwurd brek

ferhip
jou my dy mar
puntsje boppe puntsje

dei fan dwyl 
puntsje ûnder pealtsje

© Yva Hokwerda

[Taljochting: Ik hie justermoarn in striemin sin, in dweilgefoel, dat sa. Troch der in geintsje op te skriuwen makke ik mysels wer oan it laitsjen, dêrom foar jim:
In grapke foar in glimke as it wer ris reint en jo sitte 'stuck' yn Fryslân. Yn fakânsjetiden skynt it foarútsjoch fan reinwetter by de ferwende westerske minsk trije kear sa hurd oan te kommen as oars.
Dit ferske mei ek brûkt wurde as púzel foar ûnderweis as jo noch in lange flechtreis nei in waarm lân yn 'e planning ha.
Gewoan derom gûle is fansels ek net ferbean. Wa wit ferrommet it.]